Anti-FC Grins spandoek ferbean

18 sep 2007 - 18:00

Sportclub Hearrenfean hat in spandoek fan Hearrenfean-supporters ferbean. It giet om in doek fan ien by twa meter mei de tekst FC Grins, Kots van het Noorden.

It bestjoer fan Hearrenfean ferbiedt de fans om it spandoek wer te brûken. It bestjoer fynt dat de supporters harren eigen club oanmoedigje moatte en harren net rjochtsje moat op de tsjinstanner.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)