Bou sportsintrum stillein

boustop foar it tennis- en squashsintrum
Der mei foarearst net fierder boud wurde by it tennis- en squashsintrum yn Wolvegea. De gemeente Weststellingwerf hat in boustop en in twangsom oplein.
Neffens de gemeente hâldt it sportsintrum har by de bou net oan de ferliende fergunning, wêrtroch de feilichheid fan de besikers net garandeard wurde kin. Sa moatte de flechtwegen bygelyks opnij toetst wurde.