Bernelokker langer fêst

18 sep 2007 - 16:22

De 47-jierrige Jouster dy't op 2 septimber oanhâlden is omdat hy berneporno sjen litten hie oan twa jonkjes, bliuwt noch oant 19 oktober fêst sitten. Dat hat de rjochtbank besletten.

De man waard al troch plysje en gemeente sekuer yn de gaten hâlden, omdat hy earder yn in oar plak foar in sedesaak feroardield is. Likegoed lokke hy op in snein twa jonkjes syn hûs binnen mei wat lekkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)