Noch gjin beslút oer kresj

18 sep 2007 - 14:19

Kommende freed beprate de seehûnekresj yn Pieterburen, de provinsje Grinslân en de gemeente De Marne hoe't it fierder moat mei de kresj. Der is besjoen wat de mooglikheden binne om de kresj dochs yn Pieterburen te hâlden en op dat plak út te wreidzjen.

As de gemeente De Marne nei dat oerlis ôffalt as lokaasje, komme de oare gemeenten wer yn byld. Dan is Harns ûnder oaren wer in opsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)