Bushalte oanpast oan busflier

De perrons by bushaltes yn Snits wurde oanpast foar minsken yn rolstuollen
Tusken 2008 en 2010 wurdt in tal perrons by bushaltes yn Snits oanpast sadat it iepenbier ferfier better tagonklik wurdt foar minsken yn rolstuollen, mei rollators en berneweinen.
Der ride hieltyd mear saneamde bussen mei in lege ynstap. Dêrfoar moatte de perrons en bussen wol op gelikense hichte brocht wurde. De perrons sille ferhege, ferbrede wurde en fan in helling foarsjoen wurde.