Winkeldief pakt

18 sep 2007 - 10:16

In meiwurker fan in winkel yn Ljouwert hat in 38-jierrige dief pakt. De man hie twa fleskes bier stellen. Doe't hy dêrmei de winkel útrûn, spruts de meiwurker him hjirop oan.

Bûten de winkel ûntstie in wrakseling. De fertochte besocht de meiwurker mei in bierfleske te slaan. Mei help fan omstanners is de fertochte tsjin de grûn wurke. Dêrnei is de man troch de plysje oanhâlden en foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)