Nijpels: 'Verdonk út de VVD'

18 sep 2007 - 10:00

Neffens kommissaris Nijpels kin Rita Verdonk net langer lid bliuwe fan de VVD. Hy sei dat nei oanlieding fan har beslút om dochs yn de keamer sitten te bliuwen.

Neffens Nijpels, sels âld-fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Twadde Keamer, is dêrtroch in frjemde situaasje ûntstien. Verdonk is wol lid mar út de fraksje set, en sa binne der no eins twa VVD-fraksjes. Yn de regels stiet dat der in royemint folgje moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)