Nije flintersoart yn Fryslân

Fryslân hat der in nije flintersoart by; 'De Sleedoornpage'. Hy komt ek foar op de Veluwe en by Steenwijk, mar no dus ek yn it suden fan de provinsje, by Wolvegea.
Dêr binne de aaikes fûn werút takom foarjier de rûpkes komme sille. It is in seldsume flinter en dan is it ek noch hiel tafallich dat de aaikes fûn binne by in wenwyk mei strjittenammen fan flinters.