Henrique makket earste goal

Paulo Henrique: 'as ik meidoch, dan skoar ik'
De nije Braziliaanske oanwinst Paulo Henrique hat moandei al syn earste goal makke foar sc Hearrenfean. Yn de wedstriid fan de beloften tsjin it twadde alvetal fan FC Grins, dat einige yn 1-1, makke hy de lykmakker mei in soloaksje. Mei in stifke skeat er de bal oer de keeper.
It wie de alderearste wedstriid fan Henrique foar Hearrenfean. Freed kaam er yn Nederlân oan.