Sportbedriuw krijt ekstra jild

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân stekt 150 tûzen euro yn it jier ekstra yn Sportbedriuw Smellingerlân.
It bedriuw, dat ûnder oaren de sporthallen en swimbad De Welle yn behear hat, hat al langer mei finansjele en personiele problemen te krijen. Sa wiene personielsleden it net iens mei it belied en wie der in heech syktefersom. Neist de finansjele ynjeksje hat de gemeente ek dúdliker easken dellein om doelen te heljen.