Lêste hert fokkerij werom

17 sep 2007 - 21:25

Fan de 21 edelherten dy't ein augustus útbrutsen binne by in fokkerij by Frjentsjer is moandei it lêste hert werom kaam.

Nei alle gedachten de lokrop fan de nije dekbok hat hjir foar soarge. De âlde bok hat it foarige wike sneon net oerlibbe nei in botsing mei twa auto's by Mullum by Harns. De herten binne der fan troch gien troch oer in stek te springen. De measte herten koene wer gau fongen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)