Crone fynt ophef net terjochte

17 sep 2007 - 21:04

De ophef dy't ûntstien is yn de polityk nei oanleiding fan de beneaming fan Ferd Crone as nije boargemaster fan Ljouwert is net terjochte.

Dat seit Crone sels. Moandei waard bekend dat hy net de earste kar wie fan de fertrouwenskommisje, mar dat in mearderheid fan de gemeenteried dat advys neist him dellein hie. Neffens Crone komt it lykwols mear foar dat de ried in oare kar makket as de kommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)