Proseduere moat hiel oars

17 sep 2007 - 16:16

De proseduere foar de beneaming fan in nije boargemaster moat folle iepener fierd wurde as dien is yn de gemeente Ljouwert. Dat seit PvdA-riedslid Jan van Olffen. Hy wol in iepener proseduere mei mooglik mear ynspraak fan de ynwenners fan de gemeente.

Van Olffen wie foarsitter fan de fertrouwenskommisje. Seis fan de acht leden fan dy kommisje hiene in grutte foarkar foar Arno Brok. PvdA en PAL/GL keazen lykwols foar Ferd Crone.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)