Ferfiersferbod opheft

17 sep 2007 - 15:35

It ferfiersferbod foar kij, skiep, geiten en bargen is opheft. It ferbod waard ynfierd nei't ferline wike yn Ingelân opnij tongblier útbrútsen wie. Fleiskeallen dy't de ôfrûne wiken út Ingelân nei Nederlân kaam binne, binne allegear kontroleard op tongblier-ferskynsels en der is neat konstateard.

De bedriuwen dêr't de keallen hinne brocht binne, bliuwe foarearst noch wol blokkeard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)