Reaksjes op jongere-enkête

© Omrop Fryslân
Goed 1500 jongeren ha oant no ta meidien oan de enkête Laat je horen. Dy wurdt holden ûnder de jeugd fan Achtkarspelen, Dantumadiel, Dongeradiel en Kollumerlân. Mei elkoar binne der yn dizze gemeenten hast 7000 enkêtes ferstjoerd oan alle jongeren fan 12 oant 18 jier.
Yn it ûndersyk wurdt oan har frege wat se wichtich of aardich fine en wêr't se har mei dwaande hâlde, mar ek wat se misse.