Boek kok Reitse by ECI

17 sep 2007 - 12:08

Boekwinkelketen ECI hat belangstelling foar it boek Lekker ite mei Reitse fan televyzjekok Reitse Spanninga. It boek mei Fryske resepten wurdt útjûn troch de Afûk. De Afûk is op dit stuit yn ûnderhanneling mei de ECI om it boek dêr yn de winkel te krijen.

Spanninga brocht syn resepten fia Omrop Fryslân ûnder de minsken, yn it programma mei deselde namme. By it boek sit ek de dvd fan dat programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)