Begjin Huis voor Amateurkunst

17 sep 2007 - 11:20

It binnenplak fan de Infirmery oan de Wissesdwinger yn Ljouwert wurdt nije wike oerkape. Deputearre Jannewietske de Vries en wethâlder Yvonne Bleize fan Ljouwert slaan dan de earste peal. Dat is it begjin fan de bou fan it Huis voor Amateurkunst yn Ljouwert.

Fryske amateurskeunstners op it gebiet fan muzyk, dûns, teater en byldzjende keunst kinne der wurkje, oefenje en eksposearje. Der komme twa grutte studio's en in eksporomte mei kafee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)