Fjochterij op De Rottefalle

17 sep 2007 - 10:14
Foto: Omrop Fryslân

In feest yn it doarpshûs op De Rottefalle is sneintejûn útrûn op it fjochtpartij. Fyftjin man giene op de Buorren op 'e fûst doe't it feest ôfrûn wie. In 17-jierrige jonge út Boelensleane rekke dêrby ferwûne.

It slachtoffer is mei de ambulanse nei it sikehûs brocht. In 17-jierrige Drachtster is troch de plysje oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)