Pleats by Jirnsum ôfbaarnd

Brân op de Leppedyk (Foto Jaring Rispens)
By in útslaande brân is sneintejûn in pleats oan de Leppedyk by Jirnsum ferlern gien. Der rekken gjin persoanen ferwûne. It fee is troch de boer yn feilichheid brocht.
Foar safier bekend is der gjin asbest frijkaam by de brân. Wol binne in tal gasflessen ûntploft. Oer de oarsaak fan de brân is noch net folle bekend. De technyske resjerzje sil dêr moandei ûndersyk nei dwaan.