Theo Pijper Europeesk kampioen
Theo Pijper is Europeesk Kampioen gersbaanracen wurden. Yn it Ingelske Swingfield pleatste Pijper him rjochtstreeks foar de finale wêryn't hy oertsjûgjend wûn fan ûnder oaren Dirk Fabriek.
Yn de searys gie Pijper noch ûnderút wêrtroch't syn motor kapot gie. Mar op in oare masine wist hy dizze grutte priis te bemachtigjen. Dirk Fabriek waard fyfde.