Wyldpisser oanholden yn Snits

16 sep 2007 - 16:37

Nei in koarte efterfolging hat de plysje yn Snits sneontemoarn in wyldpisser út Heiloo oanholden. Twa plysjes op in fyts seagen de man yn de Kleine Kerkstraat.

In oanhâlding mislearre want ien fan de plysjes foel op de grûn om't syn fyts blokkearde. De plysje bruts dêrby syn earm en is nei it sikehûs brocht. Letter hat de plysje mei help fan in hoarekameiwurker de man dochs noch oanholden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)