Gleske op, auto yn 'e feart
By Aldetrine hat de plysje sneontejûn in man en frou holpen dy't mei har auto yn de sleat telâne kaam wiene. By de auto fûn de plysje in frou fan 30 jier dy't ûnderkuolle wie.
De 37-jierrige man moatst in blaastest dwaan. Bliken dy dat hy in gleske te folle op hie. Hy krige in riidferbod fan fjouwer oeren. In bergingsbedriuw hat de auto wer út it wetter helle.