Man skopt plafond bus stikken

© Omrop Fryslân
In bussjauffeur hat sneontenacht in man fan 21 fan De Jouwer by it plysje- buro ôflevere. De man siet yn de borrelbus fan It Hearrenfean nei De Jouwer en trape mei noch in pear oaren tsjin it dak fan de bus. Trije plafonddielen waarden stikken trape.
De bussjauffeur seach wat der barde en ried nei it plysjeburo. De man koe dêr oanholden wurde. In oare fernieler koe fia it needlûk oan de plysje ûntkomme. Yn de bus sieten sa'n 40 passazjiers.