Frou berôve fan aktetas

16 sep 2007 - 16:12

De plysje yn Ljouwert hat sneontenacht socht nei in strjitrôver. De man hie in 27-jierrige frou om in oere as tolve jûns berôve fan har aktetas doe't se oer de Eeskwerd rûn.

De strjitrôver wie op de fyts en pakte har tas beet. De frou foel dêrtroch op de grûn. It slachtfoffer gie gau oerien en hat de man noch achterfolge. Ferskate plysjes hawwe nei de strjitrôver socht mar sûnder resultaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)