Kalsbeek (SP) hâldt op

© Omrop Fryslân
Fraksjefoarsitter Kalsbeek fan de Socialistische Partij yn Ljouwert hâldt op mei syn riedswurk. Kalsbeek stapt op fanwege sûnensredenen. Mei in lytse ûnderbrekking siet er sûnt 1998 foar de SP yn de ried fan Ljouwert.
Kalsbeek wie net allinne aktyf yn de fraksje, hy wie de ôfrûne jierren ek bestjoerslid fan de SP-ôfdieling Ljouwert. Hy wurdt yn de ried opfolge troch de Bert Bisschop (66). In nije fraksjefoarsitter is noch net bekend.