Iepenloftspul oer Durk Tabak

© Omrop Fryslân
De stifting Iepenloftspul De Harkema hat plannen foar in foarstelling oer Durk Tabak. Tabak wie in maat fan de ferneamde Eije Wykstra, dy't begjin foarige ieu fjouwer plysjes deaskeat. Tabak trof Wykstra yn de finzenis, dêr't er sels ek siet foar moard.
It stik wurdt skreaun troch Baukje van Hijum. Sy hat it boek Swart mar Leaflik bewurke ta iepenloftspul foar Brantgum. Dit wykein wûn dat 2 Gouden Gurbes foar it bêste iepenloftspul.