Sile foar tsunami-slachtoffers

© Omrop Fryslân
Undernimmers út Snits organisearje snein wer in skûtsjesilerij op de Snitsermar, foar de slachtoffers fan de tsunami, ein 2004. De feriening Handel en Industrie yn Snits hat fuortendaliks nei de tsunami in stifting oprjochte dy't help jout oan de slachtoffers fan de floedgolf.
Ferline jier waard foar it earst in skûtsjesilerij organisearre, om jild by elkoar te heljen. Snein sile 100 minsken mei op tsien skûtsjes.