Werpsterhoeke ôfsletten

© Omrop Fryslân
Fanwege wurk oan de dyk is de krusing Werpsterhoeke oant moandeitemoarn 6.00 oere foar it grutste part ôfsletten foar it ferkear. Rykswettersteat is oan it asfaltearen. Allinne ferkear dat út Ljouwert weikomt, kin oer it krúspunt.
It wurk is ûnderdiel fan de gruttere opknapbeurt fan de A32, tusken Akkrum en de Werpsterhoeke, yn de rjochting fan Ljouwert. It ferkear wurdt omlaat mei buorden.