Steuring tv-lûd by Essent

15 sep 2007 - 19:59
Foto: Omrop Fryslân

It lûd fan Omrop Fryslân televyzje yn it wurkgebiet fan Essent hat sneontejûn trije oeren lang steurd west. Dit betsjutte dat minsken dy't yn Essentgebiet oer de kabel nei de omrop seagen, gjin lûd by it byld hiene. De ûntfangst fan Omrop Fryslân oer de satellyt en mei digitinne wie wol goed.

It probleem wie om njoggen oere hinne wer oplost.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)