Winst foar partoer Berkepas

© Omrop Fryslân
Klaas Berkepas, Hylke Bruinsma en Folkert van der Wei ha sneon de útnoegingspartij foar haadklassers yn Boalsert wûn. It gie om in ynhelwedstriid fan de partij dy't op 7 july staakt waard. Doe wie der konsternaasje fanwege de skuon fan guon spilers.
De finale gie sneon tusken it partoer fan Berkepas en it partoer Jochum Bouma, Herman Sprik en Marten Feenstra. Berkepas wûn mei 5-3, 6-4.