Dochs zeppelins boppe Waad

© Omrop Fryslân
Zeppelins meie dochs boppe de Waadsee fleane. Dat seit in advyskommisje fan de provinsje. De provinsje hie der al in fergunning foar jûn, mar natuerorganisaasjes hiene beswier makke. Se binne benaud dat it fleanen fan de zeppelins skealike gefolgen hat foar de natuer.
Neffens de kommisje falt de skea wol ta. Wol moat krekt omskreaun wurde wat allegear wol en net mei. Deputearre Steaten nimme ynkoarten in beslút.