Tiidsbyld yn Smellingerlân

© Omrop Fryslân
Museum Smellingerlân yn Drachten lit meikoarten wurk út 1967 en 1968 sjen. Oanlieding foar de tentoanstelling is de oankeap troch it museum fan wurk út dy jierren fan Pier Feddema.
Neist wurk fan Feddema is der wurk fan Boele Bregman, Jan Stroosma en Klaas Koopmans te sjen. Ek binne der artikels út de Drachtster krante út '67 en '68 te sjen. De tentoanstelling begjint op 7 oktober.