Dom punteferlies foar Cambuur

14 sep 2007 - 22:42
Foto: Omrop Fryslân

SC Cambuur hat freed djoere punten lizze litten tsjin RBC Roosendaal. Yn eigen hûs kamen de Ljouwerters net fierder as 2-2. De earste helte wie muoisum en de rêststân wie 0-0.

Nei it skoft baarnde de wedstriid los. Marc Mboua skoarde nei ien minút, mar tsien minuten letter makke Jeffrey Vlug 1-1. Mboua sette Cambuur op 'e nij op foarsprong, mar yn de lêste minút soarge Benjamin Martha foar de lykmakker en waard it 2-2.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)