Dropmakker wreidet út

© Omrop Fryslân
Dropmakker Concorp, it eardere Van Slooten yn Jirnsum, wreidet flink út. It bedriuw docht dat omdat it hieltyd mear saken docht mei Dútslân en Skandinavië. Yn Jirnsum komt der in opslachhal fan 3.000 kante meter bij om oan de fraach te foldwaan.
Neffens direkteur Kruize fan Concorp wie de dropmerk healwei de jierren '90 op stjerren nei dea. Troch de yntroduksje fan de Autodrop en de Oldtimers kaam dêr feroaring yn.