Bank wol gearwurkje mei Univé

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank is yn petear mei Univé oer gearwurking op it mêd fan fersekeringen. De bank tinkt der oer om standertfersekeringen troch in fersekeringsbedriuw útfiere te litten. Yn oktober moat dúdlik wurde oft de bank en Univé der tegearre útkomme.
De gearwurking tusken fersekerders en banken is in trend fan de lêste tiid. De Rabobank wurket gear mei Achmea. De Friesland wol sels wol trochgean mei fersekeringen op maat.