Crone boargemaster Ljouwert

14 sep 2007 - 15:59

Twadde Keamerlid Ferd Crone fan de Partij van de Arbeid wurdt de nije boargemaster fan Ljouwert. De gemeenteried fan Ljouwert hat freed grien ljocht jûn foar dizze foardracht fan 'e fertrouwenskommisje. It ryk moat de foardracht noch bekrêftigje.

Crone sit sûnt 1994 yn de Twadde keamer. Hy is finansjeel spesjalist foar de PvdA. Ferdinandus Johannes Maria Crone is 53 jier en wennet op it stuit yn Heemstede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)