Nijpels iens mei beslút VVD

14 sep 2007 - 13:10

VVD-kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels fynt dat de Twadde Keamerfraksje fan de VVD der goed oan dien hat om Rita Verdonk út 'e fraksje te setten. Neffens Nijpels is Verdonk te faak oer de grinzen fan 'e partij gien dat de fraksje net oars kin as har der út te setten. Nijpels neamt Verdonk 'in ekstra bûtenboardmotor'.

Nijpels is lykwols net benaud dat Verdonk in soad VVD-stimmen meinimme sil nei in mooglike nije partij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)