Fertochte brannen langer fêst
It foararrest fan de 20-jierrige ynwenner fan Sondel yn de saak fan 13 brannen yn Wikel en omjouwing is mei sân dagen ferlingd. Dat hat de rjochter-kommissaris tongersdei bepaald. De man út Sondel is in wike lyn oanholden nei oanlieding fan in brân begjin septimber yn in wente oan de Jachtlustwei yn Wikel.
Hy waard yn febrewaris ek al oppakt, mar moast doe wer frijlitten wurde, omdat der te min bewiis wie.