Mama-care ferbettere

14 sep 2007 - 07:25

Boarstkankerpasjinten wurde yn sikehûs De Tjongerskâns noch flugger holpen. It sikehûs hat meidien oan in projekt om te sjen wêr't de planning noch ferbettere wurde koe. Pasjinten kinne no sa'n 5 dagen nei de earste besite oan de húsarts yn it sikehûs te plak. De diagnoase is der dan nei sa'n 3 dagen en as der in operaasje nedich is, kin dat nei ûngefear 14 dagen.

It Feanster sikehús foldocht dêrmei oan de lanlik jildende noarmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)