Hiemstra yn ried Dongeradiel

14 sep 2007 - 06:52

Gosse Hiemstra fan Hantum wurdt ein septimber foar de twadde kear dit jier beëdige as riedslid yn de gemeente Dongeradiel. Earder ferfong de CDA'er fan Klasina van der Schaaf yn doe't dy mei kreamferlof wie. Nei de simmer kaam se werom yn de ried, mar no is se mei har húshâlding emigreard.

Omdat Hiemstra de earstfolgjende op de list is, komt hy dus wer yn de ried. It wurdt úteinlik de fjirde kear dat hy beëdige wurdt as riedslid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)