Earepennings Achtkarspelen

14 sep 2007 - 06:21

Wethâlder Pieter van der Veen en riedslid Marten van der Veen fan 'e FNP ha tongersdei de earepenning fan de gemeente Achtkarspelen krigen. Beide hawwe 25 jier warber west foar de gemeente. Marten van der Veen waard priizge foar syn ynset foar de belangen fan de doarpen en de Fryske taal. Foar de wethâlder wiene der loovjende wurden foar it stâl jaan fan syn politike oertsjûgings by syn publike optredens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)