Heit en dochter yn de ried

© Omrop Fryslân
Kollumerlân hat sûnt tongersdeitejûn in heit en syn dochter tegearre yn de gemeentlike polityk. Doe waard Gryte Vaatstra-Schaafstal ynstalleard as riedslid foar de PvdA. Har heit Rik Schaafstal is wethâlder foar dy partij yn Kollumerlân.
Frou Vaatstra komt yn de ried omdat in oar riedslid ferhûze is en dêrom ophâldt mei de polityk. Heit en dochter ha ferskillende portefeuilles.