Hearrenfean-froulju ferlieze

13 sep 2007 - 22:50

It frouljusteam fan sc Hearrenfean hat tongersdei ek de twadde thúswedstryd ferlern. Op sportpark Skoatterwâld wûn AZ met 1-0 troch in treffer nei 34 minuten fan Merel van Nes. Hearrenfean wie wol de bettere ploech foaral yn de earste helte. Mar fierder dan in skot op 'e latte fan Judith Frijlink kamen de Feansters net.

Coach Harry Sinkgraven sei nei ôfrin dat syn ploech der alles oan dien hie mar faalde yn 'e ôfwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)