Rekonstruksje by akwadukt Grou

Rekonstrukje fan 'e smiterij fan it akwadukt by Grou
De plysje hat tongersdei in betonblok fan it akwadukt by Grou smiten. Dêr wiene opnames foar de televyzjeprogramma's Plysjepost en Opsporing Verzocht. It gie net om echt beton, mar om de plastic foet fan in ferkearsboerd. It projektyl waard net op de grutte dyk smiten, mar op de B-wei dêrnjonken. De opnames binne in rekonstruksje fan 2 septimber. Doe hiene twa auto's grutte skea troch in smiten projektyl.