Sportaksintskoalle út ein set

Ilonka en Kimberley stappe ferwachtingsfol it gymnastyklokaal yn
Skoallemienskip Magister Alvinus yn Snits hat op feestlike wize de sportaksintskoalle iepene. De Snitser skoalle is de earste yn Nederlân is dêr't learlingen kieze kinne foar ekstra sportlessen, bygelyks as tarieding foar it CIOS.
56 Brêgeklassers fan hawwe harren ynskreaun foar de nije oplieding. Se krije twa oeren yn 'e wike mear gymnastyk. Bûten de lestiden wurde ek ferskate clinics oanbean.