Brommer klapt op auto

13 sep 2007 - 14:02

In brommerrider út Hallum is woansdeitejûn ferwûne rekke by Stiens. De man helle op de bywei fan 'e Brédyk twa fytsers yn en botste dêrby op in auto dy't fan 'e oare kant kaam. De brommerrider rûn nei alle gedachten in brutsen skonk op. Hy is oerbrocht nei it sikehûs.

Omdat de brommer fan de Hallummer net fersekere wie, krige er in prosesferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)