Alves wiis mei earste goal

13 sep 2007 - 10:47

Afonso Alves wie woansdei sa wiis as in protter mei syn earste goal foar Brazilië. Mei de goal betellet er it betrouwen werom dat er sûnt maaie hat fan bûnscoach Dunga. Der wie yn Brazilië geregeld krityk op Dunga syn kar foar Alves. Hy wie folslein ûnbekend yn Brazilië en syn spul oertsjoege ek net altiten.

"Ik krij alle dagen mear fertrouwen en Dunga krijt ek mear fertrouwen yn my", sei Alves nei de wedstriid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)