Ferwûne by kop-sturt-botsing

13 sep 2007 - 10:41

In man út Aldeboarn is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn Drachten. Hy siet yn 'e middelste fan trije auto's dy't belutsen wiene by in kop-sturt-oanriding. Dy ûntstie op de Noarderhegewei trochdat in bestjoerder te let seach dat de auto foar him stilstie foar in stopljocht. De Aldeboarnster botste dêrop.

De man út Aldeboarn rûn ferwûnings oan syn rêch op. Hy is oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)