Jonges pakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat op It_Hearrenfean nochris trije jonges oanhâlden dy't fertocht wurde fan mishanneling. De jonges fan 16, 17 en 21 jier âld soene op tiisdeitemiddei in 24-jierrige plakgenoat slein ha en bekûgele ha mei fleskes. Dat dienen se neidat de man wat sein hie fan har gedrach.
Tiisdeitemiddei waarden ek al trije oare jongeren oanhâlden. Dy seis sitte noch fêst op it plysjeburo.