Ferljochting Cambuur ôfkard

Stadionferljochting Cambuur(hjir op 'e achtergrûn) ôfkard
SC Cambuur moat definityf de fjildferljochting oanpakke. De club hie dispensaasje oanfrege by it fuotbalbûn KNVB, om't de direksje op termyn in nij stadion bouwe wol.
De ferljochting foldocht op dit stuit net oan de UEFA-noarmen. Der moatte no sterkere pitten komme dy't meiinoar 100.000 euro kostje. Om útstjoerings op tillevyzje mooglik te meitsjen moat de ljochtopbringst 800 lux wêze. Cambuur hat no 500 lux.